In koart drama…
Stadich set Tjibbe Syb Turkstra de iene foet foar de oare yn it sân. Foaral stadich, want it is hyt. De loft is hyt, it sân is hyt, it wetter yn syn flesse is hyt en dy twa sinnen dy’t him op de plasse brâne, dy binne hyt. Hy tinkt dat it wol 45 graden wêze moat en freget himsels ôf, wêrom’t er yn godsnamme dizze opdracht krigen hat. Wêr soe er dat no dochs oan te tanken hawwe? Tjibbe is in kearel mei in bêste bealch, in grut liif, grutte hannen en fuotten en in grouwe kop. In fint makke foar wurk op in boat, skuorre oan de touwen, de swurden en it roer, mei it wetter dat him om de earen spat en de wyn dy’t him it hier oerein waait. No rint er hjir yn it hite sân en de brânende sinne tegearre mei syn twadde man: Ruerd Ee Watrap. Ek al sa’n knoest fan in fint. Beide hielendal net op harren plak, swittend en hymjend. It unifoarm dweiltrochwiet fan it swit en de tosken knoarskjend fan it sân.
Earder:
Stadich nipte Tjibbe Syb Turkstra fan syn bakje kofje. Wat koe in minsk doch genietsje fan in bakje moarns, tocht er. It wie al in hoartsje aardich rêstich op de basis. Sa no en dan moast der ris in transport begeliede wurde, mar meastentiids hiene hy en it skip en de bemanning net safolle om ‘e hannen op ‘t heden. De bemanning begûn suver al wat ûntefreden te wurden. Se hiene no al trije kear yn ien moanne it hiele stjerreskûtsje fan binnen en fan bûten poetse moatten en hast alle ûnderdielen in kear út inoar helje en yn mekoar sette moatten. It ding seach der hast better út dan doe’t fan de werf kaam. Nei in klop op ‘e doar, kaam de earste maat Ruerd de hut yn.
“Tjibbe, wy moatte derop út.” sei er. “Wy hawwe in hiel apart putsje, dizze kear.”
“Wat dan?”, frege Tjibbe en seach Ruerd dy mei in read antlit yn it doarsgat stie.
“Wy moatte Monaural Emu thûsbringe, wist wol, dat swarte jonkje út La An Go. It regear hat no besluten dat er hjir net bliuwe mei en wy moatte him ophelje en thúsbringe.”
Tjibbe tinkt nei wyls er him op ‘e neilen byt. “Dus dy bliksemse Gelder Sirwet hat syn sin krigen” sei er grimmitich.
Gelder Sirwet wie al in pear jier de man dy’t it fredige paradyske dêr’t Tjibbe wenne neffens him fersteurde. In slûchslimme politikus dy’t troch yn te spyljen op de ûntefreden gefoelens fan de minsken syn plakje yn it regear bemachtige hie. Rak Erm Utt, de presidint, hie dit net keare kinnen en Agave Hemmer Nix, de lieder fan de religieuze fraksje woe it net keare, want no hie der sels ek in plakje yn it regear. It resultaat wie in regear wurden mei allinne noch mar oandacht foar wa’t de skuldige wie en yn Gelder Sirwet wiene dat de bûtenierdsen. Se leauden net yn Justicz Husser, de soan fan de Heare, Se hienen altiten wanten oan en harren iten wie hyt en frjemd. Dat wie foar tal minsken genôch om harren dêr ûngemaklik by te fielen en Gelder Sirwet hie dêr handich op ynspile.
Tjibbe tocht der hiel oars oer en hy wist dat syn maat Ruerd der ek neat fan hawwe moast, mar jah, se wiene yn ‘e tsjinst fan it regear en hienen mar te dwaan wat harren sein waard.
“Ruerd, meitsje de boel mar klear en soargje dat dat jonkje hjir komt.”
“Hy is der al Tjibbe,” sei Ruerd “en ik haw de boel al klear. Wy kinne sa fuort.”
In oere letter wie it stjerreskûtsje ûnderweis nei La An Go, in planeet op twa wike reizgjen. Dêr oankommen moasten sy earst noch twa dagen wachtsjen foar’t se lânje mochten. It regear fan La An Go wie suver beledige dat de Ierde it jonkje Monaural Emu weromstjoerd hie. Hy hie ommers al fan syn achtste ôf op ‘e Ierde wenne, spruts de taal net en hie in oplieding dêr’t er neat mei koe op La An Go. Hy wie noch net âld genôch om foar himsels te soargjen en hie gjin famylje dy’t him hoedzje en noedzje koe. Tsjibbe moast lange diskusje fiere mei it regear dat hy der ek neat oan dwaan koe, dat er mar stjoerd wie en dat er it jonkje net werom nimme koe. Uteinlik krige er tastimming om it jonkje ôf te leverjen yn it doarp dêr’t er berne wie.
No rûn er tegearre mei Ruerd troch it hite sân werom nei harren sterreskûtsje. Doe’t er mei Ruerd en it jonkje yn it doarp oankaam, stie in diel fan de doarpslju har al op te wachtsjen en net it bêste diel. Doe’t se lânje wienen, wurden se mei geweld út de helitjotter lutsen en it doarp wer útskopt.
“Wat moatte wy no mei dat jonkje?” frege Ruerd.
“Wy nimme him wer mei nei hûs en gjin minsk en seker Gelder Sirwet net dy’t my tsjinhâld!” rôp Tjibbe lilk.
“Ik bring him nei Ada Emke Nuno, ús keninginne en dy moat har der dan mar mei rêde!”
En stadich sette Tjibbe Syb Turkstra de iene foet foar de oare yn it hite sân.


